september 22, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Hat de frou* it ljocht sjoen op it skip,
dan moat it dochs wol rinne,
jou Langwar dus dizze tip:
it sil mei dat ljocht kinne.
Mar de grutte griene freget wyn
om ’t kinnen wier te meitsjen,
batst der brûzjend folop yn,
de swurden sille laitsje.
Wrachtich wier, de wolken spilen mei
en dreauwen foar de sinne,
dat Langwar hie doe syn dei,
mar koe de priis net winne.
Twadde wurde liet it ljocht ek sjen,
de mannen koene laitsje,
want de frou, doe noch in bern,
soe ’t foar Langwar grif meitsje.
* Geeske Zwaga
april 4, 2018
april 2, 2018