Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juni, 2017

admin

Starte en stean

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

It is noch yn de iere moarn
as ’t skûtsjefolk de motors start
en nei de Snitser mar ta fart,
se komme ien foar ien dêr oan.

It giet om healwei trijen oan
nei wyndraai en in falske start,
wat foar ’t publyk net folle hat,
de earste slach is al bedoarn.

De Lemmer dy’t noch kânsen hat,
komt by de start folslein yn ’t nau,
de sterkste slach is foar Doarp Grou,
dy’t wol sa rap as Snits hjoed fart.

It wâlpublyk hat it wol sjoen:
in wyndraai en in falske start,
it skûtsjesilen is no bard,
Doarp Grou wurdt earst, ek kampioen.

It skûtsjesilen krijt in sturt,
wat wurdt troch ’t folk geduldich bean:
it rjochtop yn de rige stean
mei hjir en dêr in trochslaand wurd.

admin

Gûle as in widdofrou

Keunst

fan William Turner*


De wolken jeie, eagje grau,
de see is rûch, de brâning wyt,
de stoarm gûlt as in widdofrou,
it skipke fan de fisker slyt.

De weagen stompe derop yn,
it stampt en slacht op elke baar,
it kreaket, balt as ’t wylde swyn
en rint op legerwâl gefaar.

De fisker ken syn legerwâl
fanwege ’t skeamele bestean,
foar him giet it net gau te mâl,
syn neisten freegje brea en klean.

Dus is hy troch de brâning fearn;
hoewol’t de wolken eagen grau,
de weagen lieten him wol gean,
hy mocht de fisk en see noch rau.

Doe skuorde ’t seil en kaam it del…
de stoarm hat ’t skip no yn de klau,
gûlt foar de fisker wierheidsskel:
‘Sa skriemt moarn ek in widdofrou.’

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Fiskers by stoarmwaar op legerwâl’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum