Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for maart, 2017

admin

Ik William Turner

Keunst

fan William Turner*



Sjedêr, ik stean der swijend op,
mar sprekkend sa’t ik byldzjend bin,
de eagen rjochte op ’e fierte,
de earen harkjend nei de rop
om my myn ropping yn te jitten.

De weagen bolderje my ta
dat ik foar bylden berne bin,
it galmet tusken heuveltoppen
dat ’k foar ’t palet de hannen ha,
de ynspiraasje komt fan boppen.

It is net hjir, mar altyd dêr,
sadat ik skilder-swalker bin
by heech en leech, romantysk stribjend,
de kosmos wol my ha as stjer
om nei de dea noch troch te libjen.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘In jacht sylt nei de kust’

 

admin

Stim út Galiléa

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Jawis, ik kom út Galiléa,
bin krekt werom fan de Jordaan,
tafallich reizge ik dêr lâns,
ik moast der dus wol acht op slaan,
ien út ut folk woe ha: ‘Dit is de kâns!’

Wolnee, ik liet my dêr net dope
troch ien dy’t rûch fan wâl ôfstiek,
dyselde doper sit no fêst,
grif dat er mei de wetten briek,
wa’t roppend ûnder wetter dûkt, krijt lêst.

No hat ek ien him dope litten
út Nazaret, sa wurdt der sein,
hy moat it ha oer ’t keninkryk,
ik ha der noch gjin acht op slein,
want krijt in Galiléer wok gelyk?

* Foto ‘Galiléa’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum