Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for januari, 2017

admin

Dûbele moeting

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Foar Marije wie ’t in rite
fan ferwachting, twivel, lok
en tagelyk ek sûnder rêst,
mar thús hie sy it net sa drok,
dus gie sy op besite.

Nicht Elisabet ferwachte
ek in soan, lykas foarsein,
sy wie al âld en yn de rêst,
har libben rûn al nei de ein,
dochs waard sy weardich achte.

Sjoch de moeting fan twa frouwen,
in âld mins en in jongfaam,
de iene earst, de oare lêst,
sy wisten hoe’t it letter kaam,
de takomst joech fertrouwen.

Nicht Elisabet koe fiele
de reaksje fan har soan,
ferwurde ’t lok it alderbêst:
‘Mem fan de Hear kaam by ús oan
om sa ’t gefoel te dielen.’

* Detail ‘Lijensalter’
yn de St-Jan te Den Bosch

admin

Wurk foar stokken

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

De ein fan ’t wâld fangt faak de wyn,
mar by Wâldsein wie ’t suver stil
en mei de bêste wil
hold elk de gong deryn.

De peilstôk waard al gau in kloet,
de jonge peiler sterke fint,
oan hantsjedrukken wend
mei op it swurd de foet.

En elke lange stôk oan board
kaam rap omheech en yn de fok,
te slop foar noch wat lok,
de sinne wie in kloat.

Wâldsein, de grutske W yn ’t seil,
op ’t eigen wetter favoryt,
waard lêste, read fan spyt,
mei stokjes sûnder neil.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum