december 25, 2016
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Kaam ynspiraasje fan it bier
dat Willem Hovy broude?
Hy wie ien fan de universiteit,
de frije, dy’t se bouden.
Ek Kuyper kaam dêrfoar yn ’t spier
mei Abraham as namme,
dy’t tsjûge fan in ropping, âlde heit
fan hûndert, net beskamme.
De Frije Universiteit
waard mei in opdracht stichte:
it ljocht fan Kristus skynt troch elk domein
en fiert sa nei de hichte.
Dy grûnslach wie in ieu in feit,
mar sekularisaasje
hat Abraham syn roppingswei ferlein
nei ’t roppen om mear faasje.
* Logo VU
** Boarstbyld ‘Abraham Kuyper’
december 24, 2016
fan Gustave Doré*
Nikánor as heechhertich kommendant
fan ’t oaljefanteleger
dreamde oer in segeteken:
Judas mûs en hy de oaljefant,
sels God stie yn syn dream net heger.
Ek Judas dreamde, hy as kommandant
fan ’t joadsk soldateleger
seach de hegepryster bidden,
Jeremia joech as Gods gesant
in swurd as teken fan de sege.
Doe’t Judas al dy oaljefanten seach,
stiek hy de earms de hichte
yn en bidde om in wûnder,
krige sa de sege yn it each,
Nikánor rekke yn de lichte.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Judas foar it leger fan Nikánor’