Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2016

admin

Foarby it lot

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Yn ’t westen wie ’t in waarme dei
mei folop sinne tusken wite wolken,
’t skerpe jacht naam beide mei,
ferbining tusken freonefolken.

De jûns foer ’t skip de wolken yn,
want yn de fierte wie Bonaires haven,
frij en feilich, wat ferbynt,
foargoed foarby wie ’t lot fan slaven.

Yn ’t easten briek it earste ljocht
troch grauwe walen, swier fan delslach, hinne,
skerp de wyn, gjin mins dy’t tocht
oan bûtenfolk, hy die ’t allinne.

De aak lei oan de keatting bûn
fan iis en hûs, it farrensfolk wie binnen,
havenslaaf fan moarns oant jûns,
fol langstme rikkend nei de sinne.

Image

admin

Earnewâldster ferskaat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se steane fyftich meter fan elkoar,
de farders en de riders,
fierderop dy  mei in spoar,
de strekers en de gliders.

Sa docht him foar ’t ferskaat yn Earnewâld,
in doarp mei in ferline
gleon fan striid, as iis sa kâld,
it kin dy twa ferbine.

Image

Sa sylt it grutte tusken bosk en Prins,
te lyts om te lavearjen.
Keart de wâl it skip? Sa’n grins
wurdt winters net wurdearre.

Se steane yn de kjeld op fêste grûn,
gjin skos kin ’t stiel skansearje,
reuzen oan it droege bûn
is dochs in bytsje stjerre.

Mar sjoch, in fyftich meter fierderop
belibje bern de wille
fan it riden, top of flop,
en sûnder striid of rille.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum