Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2016

admin

De sabeare tocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It barde by it opgean fan de sinne
dat it wolkom klonk foar freugde fan de wrâld,
want elk soe hjoed de alve stêden winne.

Image

It wie de stoer wol wurdich by de brêge:
bûge, glide, djip foaroer, gjinien wie âld
of kâld, doe efkes lins mei rjochte rêgen.

Image

De giele ridders dy’t earjuster skoden,
wiisden oan de bûnte riders ’t wenstich paad
en prikten op wat oer de grêften stode.

Image

Gjin stoer wie ’t wurdich by de Noarderpoarte,
elk moast oer de stiennen treppen nei syn aard,
de iene knoffele, de oare boarte.

Image

It spitsferkear koe ’t klunend folk net keare,
redens klapten fleurich foar en achter lâns,
noch njoggen om te winnen, mar sabeare.

admin

Rikjende skoarstien

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Us beppe liet de skoarstien rikje,
want gjin rút wie sûnder blom
en foar de roef wie ’t kâlde rom
mei winterdeis it ledikant,
dêr’t moarns it iis op lei.

Us pake moast in bitsje bikje,
net te grut, foar mar ien dei,
dêr’t beppe op ‘e knibbels lei
mei ’t waskguod fan in wike, want
wat smoarch wie, moast wer skjin.

Ik seach de skoarstien hjoed wer rikjen,
’t byld kaam op yn oar bestek:
ús beppe op it achterdek
en pake mei in boom, gjin want
oan, want soks hie gjin sin.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum