Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2016

admin

Ruths wierheid

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan de Frânske Skoalle*

Op mem Noömys sizzen
makke Ruth har op en klear
om del te gean nei Boäz, boer en hear,
en oan syn fuottenein te lizzen.

Image

De terskflier, dêr soe ’t barre
nei it wynjen fan it koarn:
in feestlik miel, dan sliepe oant de moarn,
want troch de rispinge wie sparre.

Doe’t Boäz lei te sliepen,
makke Ruth har rêstplak op,
fernaam oant middernacht har herteklop,
die út en troch de eagen iepen.

Image

Om wekker fan te wurden:
lei in frou oan ’t fuottenein?
De wierheid waard him oer it lossen sein,
’t wie nei Noömys wize wurden.

It is der doe fan kommen:
wa’t earst fêst siet, rekke los,
in faai bestean kaam yn in flinke pas,
it libben waard foargoed ferromme.

* Frânske Skoalle (13e ieu)
Yllustraasje ‘Ruth sliept oan it fuottenein fan Boäz’ 

admin

Rynsk wurk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Simone Pignoni*

Image
detail

It wie gjin tiid om lang te wennen
foar de faam út Moab wei,
want alle fjilden tilden op
fan nôt en folk dat rispe mei,
mar soene sy har kenne?

De frjemdte koe Ruth amper deare
yn har bûgen nei de grûn
om op te sykjen wat dêr lei,
gjinien seach op har del as hûn,
soe ’t lot foar har wer keare?

De heareboer kaam om te skôgjen,
frege nei de frjemde faam
dy’t gie de sichters achternei;
hy woe dat sy it derfan naam,
har hert begûn te lôgjen.

Noömy koe de jûns wer laitsje,
want de Iene joech syn ljocht
nei ’t tsjuster fan it deaderyk;
Ruth hat net inkeld ieren socht,
mar koe ’t ferskil ek meitsje.

Image
detail

* Simone Pignoni (1614-1698)
Skilderij ‘Boäz moetet Ruth
dy’t op syn lân ieren siket’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum