Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2016

admin

Marinewaar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

It skûtsjelibben is betize
as de westewyn it spul soms brekt
troch twivel: giet it troch of net?
It kin as ’t skipsfolk reven stekt,
sa wie de rie fan waarsiswizen.

Image

Dus lieten skippers harren bine
oan de line fan god meteo,
mar Teake* hie syn eigen wet:
‘Ik far foar fol en rop fan ho
as Dútslân komt mei syn marine!’

By Starum soe net striden wurde,
noch sportyf noch troch de Dútske float,
want wizen draaiden: it koe net!
Gjin twivel, mar wat no oan board
by lege mêst en hege swurden?

Image

By Siete** kaam doe de marine
mei in wapenskyld fan Boalserts rom:
in minefeger dêr’t se net
mei foeren, dat syn broer*** wie stom,
ferslein en koe gjin peuk mear fine.

Image

* Teake Brouwer fan de Heale Moanne
** Siete Meeter fan Boalsert
*** Loadewyk Meeter fan Huzum

admin

Sile en skoppe

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

Image

As in plak him warre wol
op oare mêden as it farren,
is de grutste kâns de bal
dy’t rôlet nei in bjusterbaarlik barren.

Sa besocht Langwar op jûn
it skipsfolk op it fjild te krijen,
west tsjin east, hoe’t it ek rûn,
de bal koe rôlje, nimmen soe him mije.

Op ‘e foto foar de striid,
Frans Derks om west en east te skieden,
doe koe ’t los, it waard ek tiid
om tsjinwicht oan it skûtsjespul te bieden.

Image

Dat it balspul hichte hie,
it folk op profnivo wol spile,
sei in skipper dy’t dêr stie:
‘It skoppen giet har better ôf as ’t silen.’

West of east, wa scorede ’t meast?
It rûn meast út op blauwe neilen.
East waard earst as ’t gie om ’t searst,
mar west wûn jûns de Cup fan Grutte Seilen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum