Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2016

admin

Jouster Steateskipper

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

In stikken swurd of gyk of mêst,
de skipper kin dat hout ferfange,
want wat dea is, hat gjin libben,
mar de skipper mei syn kniesde ribben
bliuwt yn libben en hâldt lêst.

Image

Dat Hylke* kaam sa yn de rêst
en Andries** koe him wol ferfange,
Steateskipper fan profesje,
stjoerman op De Jouwer foar in sessy,
hold him oan ’t ferline fêst.

Image

De wite starte as in flits,
mar soe it oan de kop net hâlde,
focht fûleindich mei de Moanne,
koe it hysje tsjin Langwar syn swannen,
mar de krânse wie foar Snits.

Image

* Hylke de Vries
** Andries Tjerkstra

admin

Spylje mei it libben

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

Tradysje gie foar feilich silen,
fûle twirren wiene se wol wend;
yn Sigersdjip en Folkertssleat
ha skippers mei it libben spile
as wie ’t hjir in spul fan neat.

Image

Sa spile Siete* foar de skeane
op it wetter as in stoere fint
dy’t boppe bleau en streekrjocht nei
de finish fleach; yn Alde Feanen
fûn er fier op kop syn wei.

Mar Hylke** spile foar de swever
doe’t de Heale Moanne foer op ’t roer
en him lansearre as raket;
hoewol’t er neat hie op syn lever,
briek dy klap de skipperswet.

Image

Mei sûne lever, kniesde ribben
kaam er boppe, klomsk en sûnder stjoer;
in bearenburchje wie de rie
fan dokter op ‘en paad nei ’t libben
sa’t dat foar de klap noch wie.

* Siete Meeter fan Boalsert
* Hylke de Vries fan De Jouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum