oktober 28, 2022
fan ûnbekend*
Troch evolúsje is er wurden
ta in klimmer en in klauwer,
sa’t it liket ta in dier
om mei te boartsjen, oan te krûpen…
wat foar eagen komt, is soms net wier.
De evolúsje soarge foar it
ark om fretten op te sykjen
mei in klau dy’t hakket yn
it hout, sa fynt er mannich eamel**,
mei syn tonge slacht er iten yn.
Troch evolúsje is der lykwicht
mei’t de iene fret de oare;
wat it minskdom as gewicht
ynbringt, ferbrekt it wankel lykwicht,
dêrfoar binne faak de eagen ticht.
* Foto ‘Beameameliter’
** Eamel = mier
november 22, 2024
november 16, 2024