Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fjord Mefjorden

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Mefjorden hat de bergen skieden,
djipte hjir en hichte dêr…
wa kin it fjord bedjipje,
klimme nei de hichte ta?
Gjinien giet hinne wer.

De doarpsbewenners yn de lichte
sjogge by berch Segla op,
fan klimme is gjin sprake,
wol fan farre yn it fjord…
it wjerlûd nei de rop.

Mefjorden lit de lûden dûbel
klinke, kompensaasje foar
de hichte en de djipte
dy’t ferskille dei en nacht…
yn ’t fjord klinkt lûd: ‘Far… far!’

* Foto ‘Berch Segla op it eilân Senja
yn Noarwegen’


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum