november 9, 2024
fan ûnbekend*
Furano stjonkt, sa seit de namme
dy’t de stêd kriich troch de rook
fan de fulkaan, dy’t swevel spuide,
mar it wie net nedich t dat it folk
him dêrfoar skamme.
Want rûnom wurdt it fjild ynnommen
troch lavendel mei de rook
dy’t konkurrearret mei de swevel,
oeral weagje kleuren oer it gea
fan tal fan blommen.
Mar winterdeis komt der feroaring
mei it wyt fan ryp en snie,
dan tilt it lânskip op fan minsken,
kleuren struiend oer de hurde grûn…
sport as bekoaring.
* Foto ‘Blommefjilden yn Furano, Japan’
november 16, 2024
oktober 18, 2024