Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn de Grouster sleat

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image

’t Wie kostlik waar, in wynkrêft fjouwer,
mar de rjochting doogde net
foar skippers mei De Tynje-haat:
noardwest skriuwt foar syn eigen wet
en dêroer wurdt noch jierren praat.

’t Wie kostlik waar, it like nauwer
mei De Tynje as it jier
dêrfoar, sa fûn it wâlpublyk,
dat útsicht hie op hier en spier
fan skippers sûnder in ûntwyk.

Image

Dêr kaam de kop fan Grou mei stangen
by It Fean op ’t achterdek,
dat dreau by Drachten op ‘e roef,
mar ’t wâlpublyk wie neat te gek,
fan bak- nei stjoerboard, lij of loef.

Sa waarden skûtsjes yn de tange
nommen troch de Grouster sleat,
behalve ’t skip yn ’t donker pak,
want dêrmei gie gjin slach ferkeard,
it sylde frij nei ’t earste plak.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum