| Ut it skûtsje-argyf 1997
 It noarden joech de folle laach, 
mei wyn en weagen gie it oan 
op Starum, klear foar striid en krêftfertoan, 
in reef deryn wie net in fraach. 
  
De skoaten oan en nei de start, 
de skûtsjes kniepen hingjend op 
mei wite wolken foar de bolle kop, 
neat wie it skippershert te bar. 
De breedste koppen batsten yn 
de weagen op, De Jouwer lei 
al foar, mar ’t Snitser twadde plak stie faai, 
dat lei him oan de noardewyn. 
Hy siet op ’t keatting en seach soer, 
want beide fuotten rekken wiet, 
sa giet it as de noardewyn strak stiet, 
de fok yn tearen, dan is ’t oer. 
 
  |