Ut it skûtsje-argyf 1962
De seilen hingje noch as sloppe sekken
tusken gaffel en de gyk,
ferlamme fleugels snakke nei in twirre,
mar de wyn wol net omlyk;
sa sleept de hiele float as bûnte njirre
troch de Tynje nei de Ie
om op it blastich blazen los te brekken,
hjoed de stilte, moarn wer rie.
Mar moarn kaam mei de stjitten
fan in wynkrêft acht,
de skippen brûsden, skommen,
proaien fan de jacht;
foar twa wie gjin ûntkommen:
Lemmer en de Pan
ha ’t stridend falle litten
en dat wie it dan.
De seilen kamen klappend boppe wetter,
kroepen wer de hichte yn,
fan Grytmansrek nei Snitser Gossepeallen
fleach it breedút foar de wyn.
Sjoch ’t Hearrenfean de lange show ris stellen
mei it seil koart op ‘e gyk
bestjoert de blanke feanbaas diskear better
as Doarp Grou it skûtsjeryk.
|