| Ut it skûtsje-argyf 2000 
 Hoe’t it kin, It Hearrenfean dwerstroch?In skip op weagen fan tradysje
 leit yn twaen foar de striid,
 net om ‘e nocht, want hear en sjoch:
 de nije skipper tinkt wrâldwiid.
 Allard* sylde oer de oseaan,yn syn bestean in revolúsje,
 fan it âlde rjochting nij,
 hy foer net foar in fêste baan,
 dochs kaam feroaring yn it tij.
 Fan Fiji fleach hy nei ’t Feanom oer syn nije baan te praten:
 skipper fan it âlde skip,
 grut kampioen yn syn bestean,
 mar Allard miste noch de grip.
 Dêrom moast it âlde skip dwerstroch,lang as in syljacht foar de faasje
 op ‘e Pikmar yn de striid,
 mar ’t heechste stribjen wie omdoch,
 de nije skipper tocht te wiid.
 
 * Allard Syperda |