Ut it skûtsje-argyf 1996
Hy wie lang poer oer syn protest
en woe net mear foar Ljouwert farre,
dat al yn syn earste jier,
mar Ulbes* tsjinsin hat no west,
der sille grutte dingen barre.
Dêr sylt er skraal nei aak en wâl,
dy bakboardsslach sil goed beteare:
fier foarop de Tynje yn,
gjin reade flagge, bist no mâl…
de wylde liuw is net te kearen.
Wâldsein wurdt keard troch ’t Hearrenfean,
dy manlju kinne daliks lûke
oan de wite mei protest
fanwege al dy wiete klean,
wat kaam troch ûnder ’t seil troch dûke.
* Ulbe Zwaga |