Ut it skûtsje-argyf 1999
De striid wie brûzjend op it wetter
mei it skom foar noas en wang
nei ’t paradearjen yn in slang,
it twagefjocht kaam folle letter.
Earst wie de bloedstriid mei de loete,
dy’t ien rekke op ‘e noas,
sa’n slach yntern wie hiel wat oars
as twa protesten mei ien boete.
Nei ’t akkefysje op it liuwke
kaam de striid deun by de wâl,
de Pan sloech ta, it like mâl,
twa boaten krigen in lyts triuwke.
De liuw en Pan ha ’t fûlste striden,
earst op ’t wetter mei protest,
yn ’t swithok folge fluch de rest,
de liuwenoas hold op fan blieden.
|