Ut it skûtsje-argyf 1980
Wannear’t it nei de ein ta rint,
dan rint de hertslach stadich op,
it is noch net de fraach wa’t wint,
mar hâldt Langwar yn ’t klassemint de kop.
Seis plakken makket it ferskil,
wol Snits de rappe swan ferslaan,
dat is de bruorren Meeters’ wil,
gjin meter romte sille sy hjoed jaan.
De start is foar de swan in strop,
plak tolve, Snits sylt dan op fiif,
mar foar de Panne hâldt it op,
it seil stiet as it himd fan ’t âlde wiif.
Sjoch Siete* nei de swan op jacht,
hy sjit it leafst mei in protest,
mar ’t is de swan dy’t him ferslacht,
sa hat de gloarjetiid foar Boalsert west.
De swan bliuwt warber oant de ein,
hat fan it Pannewiif gjin lêst,
sa wurdt de hiele float ferslein
en is ’t gjin fraach: de flagge yn de mêst!
|