Ut it skûtsje-argyf 1993
Hy* hâldt him oan it poartsje fêst
by ’t sykjen fan it Drachtster roer
dat weiwaard ûnder wetter,
it sylnocht is him no wol oer,
hy hat gjin stjoer mear, inkeld lêst
hoe’t fragen fleane op ‘e kletter.
Hy hat gjin antwurd op ‘e fraach
hoe’t yn syn eigen berteplak
it skip gjin hichte hâlde
koe yn it smelle Folkertsrak;
sels komt er út in skipperslaach
fan hâld it hoeden by it âlde.
It antwurd komt dan fan Wâldsein,
de manlju fan it hysbedriuw
fan ‘Under komt wer boppe’;
om’t ûnder is gjin fêst ferbliuw,
is ’t Drachtster skûtsje rap oerein
mei ’t roer en alle wiete koppen.
* Wiemer Hoesktra, skipper fan Drachten |