Ut it skûtsje-argyf 1998
It soe der net om spanne,
want Ljouwert wie al kampioen
mei oan it helmhout Turbo Ulbe*,
net oan lot en pommeranten bûn,
hy hie it roer yn hannen.
Mei ’t earste plak foar eagen
seach hy de Snitser weagen oer:
ien foar en tolve skûtsjes achter;
’t liuwke lei It Fean op ’t roer
en hat de sprong doe weage.
Mei ’t helmhout los yn hannen
siet Ulbe laitsjend oan it roer
mei achter him de konkurrinten;
as men Turbo hjit, dan is ’t gjin toer
as skipper te ûntspannen.
* Ulbe Zwaga |