Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trapezewaar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

It wie de dei fan de trapeze,
neffens silers yn it skerpe jacht;
kaam ’t skûtsje op syn kant, dan hingje,
de skipper hie sa alles yn de macht,
sjedêr, de Snitser Pan soe race.

Op ’t eigen wetter soe it heve,
ek de romte spriek de Pan wol oan,
de nauten liken mear op hingjen,
de skipper hie it dêr al faak bestoarn,
mar hjoed liet hy syn skûtsje sweve.

Der wie mar ien dy’t him bedrige,
sa te sjen de skûte mei de L
yn ’t folle túch, gjin lêst fan hingjen,
de Lemsters joegen harren noflik del,
de foto soe der net om lige.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum