Ut it skûtsje-argyf 1963
It folk fan bûten seach mei grutte eagen
nei de skûtsjes, fûgels fan de mar,
hoe’t dy wiidwjukjend oer it wetter fleagen;
in estetysk eachpunt wie har kar.
‘Wat typysk punt is dat?’ rôp Siete Meeter.
‘Ik besjoch it silen fleanend hurd,
wy moatte traine, fjochtsje foar in meter,
topsport fan de fleugel oant it swurd!’
‘No krije wy de hichte!’ gnyske Berend
Mink, ‘it hiele libben wie al hurd
yn ’t spier en span, in hâlden en in kearen,
sis, wat hat dat trainen dan foar nut?’
Mar âlde skippers koene noch sa beare,
alle sneonen waard der skûtsjesyld.
De fraach wie: wat soe Siete Meeter leare?
’t Antwurd: hoe’t in sânde plakje fielt.
|