Ut it skûtsje-argyf 1973
De dea yn skipperstrui ropt fier,
wurdt mei de pet op in sensaasje
foar De Telegraaf, bringt stjerrend wier
oan ’t lêspublyk ferdivedaasje.
Sa waard in deagewoane Fries
de stoere held fan ’t Fryske wetter,
elke Amsterdammer dy’t dat lies,
seach Grutte Pier, hy wist net better.
Wa koe sa sile as dy’t dea
it roer noch hie yn skippershannen,
hy lavearre mei syn stive lea
dit barren nei de fierste lannen.
De klokken galmen oer de stêd
yn harmony mei wetterweagen;
op ‘e bier glied mei in blommebêd
foar withoefolle wiete eagen.
Waard Starum sa in beafeartsoard,
in jonge konkurrint fan Lourdes?
Klaas wie deagewoan ien fan de float,
in âlde skipper, dy’t it koe dus.
|