Ut it skûtsje-argyf 1997
De loft wie skjin, it wetter blonk,
it hong sterk ôf fan ’t glêde flak
en algefrij it roer,
dat Ulbe* dûkte, swom en sonk,
hy gie foar ’t earste plak.
As stilte it te sizzen hat,
dan is gjin skipper wis fan ’t plak,
al leit er ek fier foar,
mei Berend** is dat tragysk bard,
hy kroep as wetterslak.
’t Wie Snits dy’t him op ’t lêst fersloech,
dat Grou stie poerlilk op ien ein,
want twadde smakke soer;
Langwar smiet swimmers oer de boech
en rûn doe as in trein.
* Ulbe Zwaga
** Berend Mink op eigen wetter |