Ut it skûtsje-argyf 2003
It wie in kleurich barren
en tagelyk ek bleat
by Starum op it strân
mei tank oan simmerbrân
en ’t wiet yn waarme steat,
mar koene se noch farre?
It gie foaral om heinen,
elk suchtsje moast deryn,
de skoaten rekken strak,
it doek kaam op syn plak,
mar friet de sinne wyn,
dan spuiden skippers bleinen.
Gjin better skip as ’t luchtbêd
sa tusken strân en float
om ’t driuwen oan te sjen;
fan alle skûtsjes fan,
is hy it dy’t hjoed scoret,
net Starum as de suchtstêd.
|