Ut it skûtsje-argyf 1989
Neat wie him tefolle
op it skûtsje fan syn hert
dat Siete* folop klopje liet;
stêd Boalsert hat er set
op Fryslâns wiet as siet
neat oars him yn de holle.
En kriich er fan de wyn de folle mep,
dan sette hy him mei de hiele lea teskrep.
’t Wie it hert tefolle
wurden fan de skeane lea,
doe stûke ’t ritme fan it liet
op libben en op dea
sa’t soks mei skreppers giet
mei oars neat yn de holle.
Al kriich it hert dan ek de folle mep,
de skipper sette him mei hiel de lea teskrep.
As de lea wer wolle,
stapt de skipper rap oan board
yn Grou, want dêr giet it wer oan,
mar net oan roer of skoat,
want stjoere docht de soan,
heit hat wat oan de holle.
* Siete Meeter |