december 24, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2009
De starttoer baait hjoed yn de sinne
sûnder dat dêr starte wurdt,
wat hat sa’n stienbult noch foar nut
as op dat plak gjin skûtsjes binne?
It striidfjild leit der strieljend hinne
mei de boaten fan it nut
dy’t soargje mei gebeart en wurd
dat skroef en seil net fierder kinne.
En lit in skip ’t alarm lûd klinke,
dan komt rêding net te let,
de ambulânse lit it hert
wer rinne, nimmen sil ferdrinke.
Want sjoch de Snitser mar hjoed lizzen
yn de sinne sûnder need
mei skûtsjes op in stille freed,
gjin skipper hat noch wat te sizzen.
De finish sil de spanning brekke
yn wol hûndert kear jûchhei,
want Grou nimt fraai de wimpel mei
en sil de flagge mêstheech stekke.
april 4, 2018
april 2, 2018