Ut it skûtsje-argyf 1979
De Jouwer mei syn tsjerketuorren,
rûnom sichtber yn it middengea
fan Fryslân, mar De Vries* en Tjerkstra**,
skipper west mei hiel de lea
en siele, rûnen tsjin in muorre.
Twa skippers dy’t de hichte hiene,
mar net sichtber foar de bûtenwrâld,
betanken, want har stielen koppen
wiene hurd, mar noch net âld,
foar earst de wite, doe de griene.
It koe net oan de kleuren lizze,
want it wyt wie suver, dus gjin spul,
en grien joech hoop op earste prizen,
sile dus, gjin flauwe kul,
’t is hurd, mar stien en stiel beslisse.
* Hielke de Vries
** Sipke Tjerkstra |