Ut it skûtsje-argyf 1998
Gjin grutter wetter as op Starum,
dêr’t de skûtsjes alle romte ha
om frij te farren;
yn de fûle striid rûn it dêr sa:
twa ha elkoar bar narre.
Doarp Grou, wol wend oan ’t nauwe wetter,
wie op ’t wide danich yn de war
lykas De Lemmer,
dy’t it leafst de romte nimt foar kar,
sa waarden beide remmer.
De liuw, de kening fan de romte,
woe sa net, sloep by de oaren wei,
begûn te rinnen
nei de boei, wylst elk foar pampus lei,
hy soe op Starum winne.
|