Ut it skûtsje-argyf 1986
Se foeren jierrenlang tegearre,
hiene ’t skûtsje yn de macht,
hy achterop en sy faak foar,
sa ha se ’t klearre.
Mar giet it ta op ’t grutte barren,
dan is ’t mei man en macht,
de iene achter, foar de oar
om hurd te farren.
Dêr komme de Amerikanen
mei wol tûzen tagelyk
foar fjirtjin skûtsjes ûnder seil,
it doek mei banen.
Skilderij ‘Flagge’ fan Jasper Johns
Sy foeren jierrenlang tegearre,
fielden har de wrâld te ryk,
mar fjirtjin wachtsje op it heil
fan tûzen stjerren. |