Ut it skûtsje-argyf 1974
Tradysje gie foar feilich silen,
fûle twirren wiene se wol wend;
yn Sigersdjip en Folkertssleat
ha skippers mei it libben spile
as wie ’t hjir in spul fan neat.
Sa spile Siete* foar de skeane
op it wetter as in stoere fint
dy’t boppe bleau en streekrjocht nei
de finish fleach; yn Alde Feanen
fûn er fier op kop syn wei.
Mar Hylke** spile foar de swever
doe’t de Heale Moanne foer op ’t roer
en him lansearre as raket;
hoewol’t er neat hie op syn lever,
briek dy klap de skipperswet.
Mei sûne lever, kniesde ribben
kaam er boppe, klomsk en sûnder stjoer;
in bearenburchje wie de rie
fan dokter op ‘en paad nei ’t libben
sa’t dat foar de klap noch wie.
* Siete Meeter fan Boalsert
* Hylke de Vries fan De Jouwer |