Ut it skûtsje-argyf 1965
Dêr leit de ‘Soli Deo Gloria’,
oan God de ear foar dizze romp,
mar as it skûtsjesilen komt,
dan klinkt it halleluja!
Ald-skipper Piter Visser sylde mei
it skûtsje as de duvel hurd,
dat skipper Van der Meulen sei:
‘Dan traapje ik him op ‘e sturt!’
Sa song dy kampioen it ‘Gloria’
doe’t hy de romp sa inkeld kocht
foar ’t skûtsjesilen foar de nocht
en ’t kampioenskip derop ta.
Syn skip sa troch de dei, de ‘Aventoer’,
koe net pro Deo troch de tiid,
want ’t sneinske silen wie te djoer
om troch de wike út ‘e striid.
De âlde ‘Soli Deo Gloria’
waard optúgd foar it doarp Wâldsein
en song as sânde oan de ein
in sunich halleluja.
|