Ut it skûtsje-argyf 1971
In echte skipper hat noch fearn
mei turf en modder yn it rom,
hy libbe foar in frij bestean,
want wa’t nei skoalle gie, wie dom.
Hoe komt it as dy skipper blaast
de alderlêste siken út,
is ’t dan de dommens dy’t noch raast,
in amateurstriid ta beslút?
Gjin noed, George Brandsma hat in plan:
nei skoalle ta, in skûtsjeklas,
in wike lang oan board en dan
kin ’t echte skûtsjesilen los.
De wiere skipper stiet wer op
en blaast syn wiisheid oer it dek:
‘Myn soan hat alles yn de kop,
dus wa’t nei skoalle giet, is gek.’
|