Ut it skûtsje-argyf 1997
’t Is net om de Philips-technyk,
de apparaten yn it ljocht
fan jou no ris de gouden tip
foar skûtsje of fabryk,
mar Piter* wol in motor yn it skip.
’t Is net omdat it skûtsje lei
lam op De Lemmer op ien ear,
de Heale Moanne yn in dip,
fertsjustere dy dei,
mar Piter wol in motor yn it skip.
’t Is foar de ploechjesilerij
fan Drachten nei de Snitser mar,
yn ’t drokke far faak op ‘e wip,
it skûtsje fûgelfrij,
mar Piter krijt gjin motor yn it skip.
* Piter Brouwer |