Ut it skûtsje-argyf 1981
Hy wie de jongste fan de float
mei tûke genen fan heit Lodewyk,
dat wat koe him no barre?
Mei de myte fan de Poep oan board
wie ’t skûtsje in jongfaam allyk
en woe it yn de dream wol farre.
In myte is oan âlde tiden bûn,
de nije freegje mjitten fan de frou,
dat Hidzer woe wat rûner.
Doe hat Earnewâld in skûtsje fûn
as Eva, brún en eal fan bou,
ferlike mei de Poep ek sûner.
Immanuël, de namme hie ’t al wûn,
want God foer sels by skipper Hidzer mei,
dat wat koe him noch barre?
Om’t it skûtsje amper hurder rûn
as ’t Poepster famke, like ’t faai
foar Hidzer, hy mocht net mear farre.
* Hidzer Meeter |