Ut skûtsje-argyf 1999
Sjoch hoe’t de moanne it te sizzen hie
mei ’t lûken fan in heale ring,
de liuw-kommisje wie rap út ‘e rie:
in lette start nei sinsfertsjustering.
De skûtsje-liuw woe nei it sinneljocht
en tocht yn it begjin: ik spring
deryn, net wittend oft it koe of mocht,
dus kaam op Grou in dekfertsjustering.
De Lemmer sylde sterk op ’t eigen wiet
en liet de liuw de spegel sjen
sa’t mei sljochtsinnigens op ’t wetter giet,
de earste slach wie foar de liuw ferlern.
De twadde kaam op ’t droege hurder oan,
de sjuery fûn ’t in nuver ding:
de liuw as kening op ‘e Grouster troan,
dus kaam der wer in sinsfertsjustering. |