Ut it skûtsje-argyf 1982
It wie moarns net om oan te sjen,
it flakke wetter yn de mist
foarsei in misse skûtsjedei;
de skippers wisten: dit is ’t
net, de lêste wedstriid giet ferlern.
De sinne friet de dize op,
de Snitser mar kaam foar it ljocht
sa as de iere moarn foarsei;
de skippers wisten: dit doocht
net, de lêste wedstriid wurdt in flop.
Mar as de stilte seit fan ho,
dan komt de fantasy op gong
en sleept de fjirtjin skûtsjes mei;
de skippers wisten: dit sjongt
fier, de lêste wedstriid wurdt in show.
|