Ut it skûtsje-argyf 1997
De Pan stie ûnder spanning,
want yn Starum woe it net,
dus ’t seil wie yn de kaanfer set,
it lei him net oan de bemanning.
De stress wie ôf te lêzen
fan de koppen… woe it wol?
It himd fan Douwe stie al bol,
dus koe it seil net minder wêze.
De liuw moast it ferlieze
fan it Panseil… dat gie bêst,
mar Ulbe** joech it bist gjin rêst,
hy soe in slach oer bakboard kieze.
It koe mar amper lije,
krekt op tiid der noch foar lâns,
dochs griep de liuw in twadde kâns,
De Jouwer koe him net mear krije.
* Douwe Visser
** Ulbe Zwaga |