Ut it skûtsje-argyf 1980
De skippers makken tûke slaggen
op De Lemmer ticht by strân en dyk
om heech te kommen by de boei;
gjinien hie each foar it publyk
fan moaie froulju, earder foar de flagge.
It read-wyt-blau soe letter komme,
mar it paste al by Lodewyk*
syn wite nei de earste boei;
as hearsker oer it skûtsjeryk
fan stoere manlju hie hy ôfstân nommen.
Doe brûsde tichterby broer Siete**,
as in duvel út ‘e middenmoat
kaam hy as earste by de boei:
‘Ik ha by moaie froulju scored
troch ’t showen by de dyk lâns mei ús wite.’
* Lodewyk Meeter
* Siete Meeter |