Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Salút foar Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Wat soe de striid op Snits noch bringe
nei’t De Lemmer lei foar blak,
gjin skûtsje kaam dêr oer de streek,
sadat Wâldsein kriich syn gerak:
it kampioenskip foar de lêste streek.

Gjin wedstriid om omheech te springen,
neffens ’t sizzen fan de leek,
lit sinke dus dy swiere kringen!

Image

De leek hie ûngelyk, want spannend
waard it by de twadde boei:
De Lemmer koe gjin kant mear út,
hy kriich fan twa in klap, de knoei
en rekke foar de finish der al út.

Image

It waard in wedstriid om te springen
foar Wâldsein: earst oer de streek,
dat Wiegel koe de petgroet bringe.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum