Ut it skûtsje-argyf 1968
Hy hie al mannich wedstriid wûn,
mar dat wie al wat jierren lyn
– de Poep wie legindarysk –
want doe’t er op ‘e nij begûn,
kaam ’t skûtsje stjonkend min deryn.
De earste jierren, hoe koe ’t sa,
bedarre Hylke* yn de tsien
– de man wie legindarysk –
wêr moast it mei de Poep op ta,
se woene ha, ’t waard nea wer ien.
Mar doe, it wie oan it begjin,
de twadde en de tredde dei
– dy waarden legindarysk –
rôp Hylke: ”t Liket net sa min
mei twa kear earste, ’t rûkt dernei!’
* Hylke de Vries |