Ut it skûtsje-argyf 1996
Eldert Meeter sei it al:
‘De wedstriid hoecht om my net troch te gean,
sa wol, dan is it net foar fol.’
Hy seach de koppen op ‘e weagen stean.
Fjirtjin foeren wol fan wâl,
gjinien foar fol, de reef der dûbel yn,
dochs gie it foar de koppen mâl
en yn de triedden gûlde lûd de wyn.
’t Moantsje kriich him fol deryn
en tearde stadich oer de stjoerboardsboech,
de weagen makken him doe blyn,
dat Eldert hie gelyk, it waar wie rûch.
Ulbe Zwaga woe wol ha:
‘De wedstriid hie om my wol langer kind,
in heale stoarm, foar fol, no sa!’
Syn kop wie al oan rûge weagen wend.
|