Ut it skûtsje-argyf 1967
Wat rykdom sit der yn Langwar
dat dêr it twadde binnenfart?
Want nêst it wite komt it griene,
dat tradysje is dit jier oan bar:
it kampioensskip giet fan start!
It flak waard yn De Gaastmar lein,
se bouden breed de kont en kop,
dat roef en rom wat grutter wiene,
mar net alles is fan ’t skip al sein:
de griene sylde faak foarop.
Dat siet Langwar grif yn de kop,
doe’t Loadewyk net fierder kaam
as ’t sechde plakje mei de wite;
mei de griene sil it hegerop,
syn kop jout grif in fikse raam.
Hoewol’t de skippers wyt fan hûd
en bevend starten op ‘e mar
by Grou, kin Loadewyk net rame,
want mei swakke wyn floeit der gjin bloed,
mar wol is ’t read foar grien Langwar.*
* Langwar waard yn de earste wedstriid lêste. |