Ut it skûtsje-argyf 2000
It kin net sûnder wâlpublyk,
dat mei de eagen ’t startskot jout
foar fjirtjin skûtsjes, tagelyk
it tou los yn it Grytmansrak,
dat mei de wyn gjin wedstriid bout,
it startfolk hat gjin gaadlik plak.
It skipsfolk hat de smoar ek yn
oer op ‘e Ie it hinne wer
mei yn de seilen minder wyn
as wenstich foar it skippersfak,
mar Allard blinkt as skûtsjestjer,
hy glydt foar ’t earst nei ’t earste plak.
It kin wol sûnder boatpublyk,
dat achter reade boeikes leit
mei ’t each op: jou ús mar gelyk
dat pils jout folle mear gerak
as dat it silen ús wat seit…
leit Drachten net op ’t lêste plak?
* Allard Syperda |