Ut it skûtsje-argyf 1980
Op freedtejûn foar ’t skûtsjesilen
is ’t skippersfolk yn Grou op reuny,
wurdt frege nei hoe hat it west
en witsto wol dat dy en dy…
it is in spul fan dielen,
dat der klinkt dan gjin protest.
De boargemaster hâldt in rede
oer sile mei de holle by it roer;
foar sokke skippers op har bêst
bliuwt wol in blanke beker oer,
want sa hâldt men de frede
sûnder ’t read fan in protest.
Twa dagen letter is it oarloch,
want Siete* wint, mar kriget in protest
en dêrom rint de kop him oer
fan gleone grime, mar ’t stiet fêst
dat Lammert** gunt in oar doch
ek wat oars, it brein by ’t roer.
* Siete Meeter fan Boalsert
** Lammert Zwaga fan Langwar |