Ut it skûtsje-argyf 1993
De waarprofeten profetearren
dat de wyn hold him wol yn
salang’t de wedstriid duorre,
dêrop foeren tolve skippers blyn,
wat fiif fan har besuorren.
De beide Meeters stieken reven,
holden sa it skip oerein
doe’t wyn en weagen wâlen,
dat guon skûtsjes rûnen as in trein,
wylst oare nuver rôlen.
It Hearrenfean koe it wol hysje,
sylde magistraal foarop,
wylst Snits de poarte sakje
liet, de gong derút, in puntestrop,
it wie yn ’t lêste rakje.
Profeten sille ’t boadskip hearre:
wyn en skippers ha gjin boadskip
oan wa’t sa koart profetearren. |