Ut it skûtsje-argyf 1972
Hy is al jierren wei,
dochs klinkt syn namme noch
en stiet ta eare al
op wêr’t syn hert doe lei;
hy sylt en rydt sa troch,
wol harkje wat er sei:
It skûtsjesilersfeest
is as it karnaval
foar dokter, advokaat,
mar skippers noch it meast;
sy dûnsje op it bal
mei skûtsjesilerspraat
fan alderlêst nei earst.
Har offer simmerdeis
oan dokter, advokaat
en ’t oare Jan Publyk
is grut en snijt yn ’t fleis;
’t is skreppen út ‘e naad,
op ’t lêst as libben lyk
in jier wer ûnderweis.
Ik ha mei har te dwaan
en doch wat oars werom:
foar al dat Jan Publyk
ryd ik de skoaiersbaan
en wêr’t ik dan ek kom,
dêr tinke se gelyk:
wêr bliuwt de Snitser Pan?
|