Ut it skûtsje-argyf 1998
Wolken, wyn en wetter,
wite seilen skoden oer de kym,
it Grouster skûtsjefeest op rym
koe amper better.
Lit it goed begjinne,
dat fûn Grou en ek it rappe skip,
wat bliken die: in gouden tip…
mar om te winnen?
Berend* liet it hingje,
brûsde mei ’t ferlingde skip foaroan,
seach him al sitten op ‘e troan,
mar Snits soe tingje.
’t Lei him oan it draaien
foar de kop fan Snits, mislearre test,
wat skreaude om in fûl protest,
Grou koe wol swaaie.
’t Soe wat oars ferrinne,
want op ’t Grouster skûtsjefeest op rym
hold Berend foar de finish yn,
dat Snits mocht winne.
* Berend Mink |